Stripboek oer Wûnseradiel

07 des 2010 - 17:07

De bern fan de basisskoallen yn Wûnseradiel krije nije wike in eksimplaar fan it stripboek It Seghel fan Wildinghe. De namme Wildinghe wie earder de namme fan wat no Wûnseradiel is. Dy gemeente ferdwynt nei in bestean fan hast 700 jier en giet op yn de nije Súdwesthoekegemeente.

Yn it stripboek wurdt de skiednis fan de gemeente beskreaun. De learlingen komme yn de kunde mei bekende Wûnseradielsters lykas Grutte Pier en Pim Mulier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)