Stripboek 'De Ontdekking' sukses

01 maaie 2003 - 00:00

It stripboek 'De Ontdekking' dat it Fersetsmuseum mei de Anne Frank stifting útjout is in grut sukses oan it wurden. Mei inoar binne op it stuit al mear as 70.000 eksimplaren ferkocht.

De strip is spesjaal makke foar de middelbere skoallen. Oan 'e hân fan de belibbenissen fan in famylje tidens de Dútske besetting wurde wichtige feiten ferteld oer de Twadde Wrâldoarloch. Ynkoarten sille nochris 20.000 eksimplaren fan de strip printe wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)