Strip oer Piet Paulusma

07 okt 2010 - 12:27

Waarman Piet Paulusma krijt in eigen strip. Strip- en cartoontekener Piet Voordes út Dronryp hat al in foarbyld-cartoon klearlizzen. Hy rûn al tsien jier om mei it idee om in strip oer de Fryske waarman te meitsjen. It giet om koarte grappige cartoons sa't je dy ek wol yn kranten en tydskriften sjogge.

Neffens Voordes binne der genôch grapkes te meitsjen oer it waar. Piet Paulusma is optein oer de foarbyldstrip. Der is al belangstelling fan útjouwers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)