Striidlustich SC Cambuur ferliest mei 1-0 fan Ajax

09 apr 2016 - 22:22
  • Ajax-spiler Nemanja Gudelj (l) mei SC Cambuur-spiler Sander van de Streek (r)

In striidlustich SC Cambuur hat sneontejûn mei 1-0 ferlern fan Ajax. Yn de earste helte hienen de Amsterdammers faak de bal, mar de ferdigening fan de Ljouwerters stie goed wêrtroch de ploegen mei 0-0 de rêst yngiene.

Nei rêst krige Cambuur in grutte kâns op de foarsprong, mar Jergé Hoefdraad slagge der yn in ien-op-ien duel mei Cillessen net yn de bal achter de keeper te sjitten. Even letter wie it Davy Klaassen dy't de skoare iepene mei 1-0 foar Ajax. Yn de ekstra tiid easke Cambuur noch in strafskop, mar dy krige it net.

Troch it ferlies bliuwt Cambuur op it lêste plak yn de earedifyzje stean, mei 17 punten út 30 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)