Striid tsjin wyldgroei buorden

21 nov 2013 - 11:14
  • Gemeente Weststellingwerf

De gemeente Weststellingwerf wol ôf fan de wyldgroei yn buorden oan 'e dyk. Dêrom pleatse se algemiene publikaasjebuorden yn de doarpen. Dy kinne dan brûkt wurde om bygelyks eveneminten oan te kundigjen, sadat der net mear allegear losse buorden noadich binne.

It earste algemiene publikaasjeboerd wurdt freed ûntbleate yn Aldeholtpea troch wethâlder Jack Jongbloed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)