Striid om spoarfyts op spoartrajekt Jelsum-Stiens

09 mrt 2015 - 12:21
  • De rails fan it Dokkumer Lokaaltsje-spoar lizze der op guon plakken noch yn
  • De spoarfyts op in stikje proefrails

De gemeente Ljouwerteradiel en de Stichting Noord-Friese Lokaalspoorwegmaatschappij kinne it net iens wurde oer de takomst fan it âlde trajekt fan it boemeltreintsje it Dokkumer Lokaaltsje. De stifting wol in pear kilometer rails tusken Jelsum en Stiens dellizze. De kosten wurde rûsd op 150.000 euro, dy't hielendal troch de stifting betelle wurde.

Doel is om op de rails te spoarfytsen. Mar de gemeente wol der in gewoan fyts- en kuierpaad fan meitsje. It oerlis tusken beide partijen is fêstrûn.

De gemeente Ljouwerteradiel wol net op de kwestje reagearje. Neffens foarsitter Chris Rijff fan de Stichting Noord-Friese Lokaalspoorwegmaatschappij sil de spoarfyts alle jierren tusken de 12.000 en 17.000 belangstellenden lûke. De rails foar de spoarfytsen soene der yn seis wiken tiid lizze kinne.

Rijff hat tegearre mei spoarfytsbouwer Gerrit Postmus út Blije yn it Belgyske Brasschaat al in spoarfytstrajekt makke. Se eksploitearje dat nei eigen sizzen mei súkses. Postmus is de iennige spoarfytsbouwer yn Nederlân. Rijff en Postmus ek dwaande mei plannen yn Hengelo.

De saak komt tongersdei oan de oarder yn de gemeenteried. Reitze Ketellapper fan Gemeentebelangen begrypt net wêrom't it kolleezje net wat flotter meiwurket.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)