Striid om Schatzenburg

20 mrt 2013 - 17:35

Tsientallen eigeners fan grûn op rekreaasjepark Schatzenburg stiene woansdei foar de rjochter. Se wegerje de parkbydrage te beteljen. De bewenners hawwe klachten oer tal fan saken. Sa soene der ferkearde rekkens stjoerd wurde en soene foarsjennings dêr't foar betelle wurdt net goed genôch wêze.

De advokaat fan it park seit lykwols dat der nea klachten binnenkaam binne. Neffens him kleie de eigeners allinnich mar om ûnder de betellings wei te kommen. De rjochter advisearret de beide partijen om in bemiddeler oan te stellen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)