Striid om LPG-stasjon Harns

05 des 2011 - 20:47

De striid om it LPG-stasjon oan de Stasjonswei yn Harns is wer in stapke fierder. De Maritime Akademy yn Harns en de Wenningboukorporaasje wolle dat it fulpunt slút, mar de gemeente wol dêr net oan meiwurkje. Dêrtroch wurdt de skoalle en oare wenningbou yn de buert op slot setten. It fulpunt stiet te ticht op de bebouwing. De saak spilet al jierren en hat moandeitemiddei opnij yn de Raad van State oan de oarder west.

De advokaten fan de gemeente, de Maritime Akademy en de korporaasje mochten de saak nochris taljochtsje. Alle partijen binne út op in definityf beslút fan de Raad van State, sadat elkenien wit wêr't er oan ta is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)