Striid om Frysk famyljebedriuw

15 jun 2010 - 11:12

Tusken de tsien lokale winners fan de Fryske famyljebedriuwen fan it jier sitte in soad supermerken en moadebedriuwen. It giet ûnder oare om de Jumbo supermerk yn Boalsert, bakkerij de Korenaar fan Surhústerfean en Rinsma's fashion fan De Gordyk.

Lêzers fan in grut tal hûs-oan-hûs blêden yn de provinsje hawwe de tsien winners nomineard. Takom wike woansdei makket in sjuery fan saakkundigen bekend hokker Frysk famyljebedriuw meidwaan mei oan de lanlike striid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)