Striid om Burd-pont giet troch

18 aug 2010 - 20:13
  • De pont by de Burd (foto's: Omrop Fryslân)

De juridyske striid tusken bewenners fan eilân De Burd by Grou en de gemeente Boarnsterhim giet fierder. De bewenners sizze in oerienkomst te hawwen mei de gemeente wêryn't foar in langer skoft de tariven en fartiden fan de pont fêstlein binne.

It nije gemeentebestjoer fage dit yn 2006 lykwols fan tafel en ferhege de tariven dochs. De Ljouwerter rjochter die woansdei útspraak yn dizze saak en seit dat Boarnsterhim de priisstiging net hoecht oan te passen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)