Striid oer tsjerke Wier bylein

13 okt 2007 - 12:45

Doarpsbelang Wier en St. Alde Fryske Tsjerken ha de striidbile begroeven. Troch in briefke fan de stifting Alde Fryske Tsjerken krigen de ynwenners fan it doarp it idee dat se net wolkom wiene by opnames foar it tv-program Bankgiroloterij Restauratie.

De tsjerke makket kâns op ien miljoen euro foar in grutte opknapbeurt. Doarpsbelang woe graach meihelpe dat bedrach binnen te heljen, mar dy help like net wolkom. Dat is no útpraat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)