Striid oer ljipaaisykjen

10 feb 2009 - 22:52

It nije sms-kontrôlesysteem dat dit jier by it ljipaaisykjen brûkt wurde sil, is fraudegefoelich. Dat sei foarsitter Niesen fan de Faunabeskerming tiisdei by de harksit fan de provinsjale beswierkommisje. Aaisikers moatte dit jier foar it earst harren fynsten mei in sms-ke trochjaan.

It BFVW en de provinsje bestride dat it nije systeem fraude yn de hân wurkje kin. De partijen binne it ek net iens oer de populaasje ljippen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)