Striid oer LC-artikel

15 feb 2014 - 10:02
  • Leeuwarder Courant

De JB Groep yn Balk easket skeafergoeding fan de Ljouwerter Krante. De groep wol ek rektifikaasje fan in artikel yn de krante fan sneon. Dêryn wurdt de JB Groep der troch in útstjoerburo fan beskuldige finansjele ferplichtings net nei te kommen. Neffens de JB Groep stean der gjin rekkens fan it útstjoerburo mear iepen. It artikel soe dêrom yn striid wêze mei de wierheid.

It boubedriuw hat freed besocht mei in koart pleit publikaasje foar te kommen, mar krige gjin gelyk fan de rjochter.

De Ljouwerter seit yn in reaksje dat de JB Groep yn it artikel genôch romte krijt om te reagearjen op de beskuldigings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)