Striid oer jild Waadfûns

03 jan 2011 - 12:44

De Raad voor de Wadden is der tsjin dat de Waadprovinsjes it jild út it Waadfûns folslein ferdiele. Dat skriuwt de Waadried yn in brief oan minister Schultz van Haegen fan ynfrastrukteur en miljeu. It kabinet wol dat it Waadfûns desintralisearre wurdt.

De Waadried is benaud dat as provinsjes sels it jild ferdiele meie se net mear nei projekten sjogge dy't alle waadprovinsjes oangean. Dêrom soe it ryk einferantwurdlik bliuwe moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)