Striid oer groep Dútsers

16 nov 2012 - 12:13
  • Slûs by De Lemmer

Yn Lemsterlân is in rel ûntstien oer it wegerjen fan in grutte groep Dútsers. Dy woene yn 33 boaten op snein 1 novimber troch de slûs om yn it Dok te lizzen. Mar op dy dei begjnt it winterseizoen en wurdt de slûs net betsjinne. Boargemaster Stellingwerf woe dêr ek net fan ôf wike, wylst de slûswachter dêr gjin probleem mei hie. De Dútsers en de Lemster ferhierder binne dêr lilk oer. De Dútsers driigje tenei nei Enkhuzen te gean.

De PvdA fynt dat de regels rommer hantearre wurde moatte. De Lemmer rint oars omset mis.

De boargemaster wiist derop dat ticht by, oan de Fjoertoerwei, plak genôch is. Mar as de groep it takom jier wat earder freget, falt der wol wat te regeljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)