Striid foar Nedersaksysk

16 apr 2012 - 19:13

Minister Spies moat better sjen nei it belang fan streektaal yn it noarden fan it lân. Dat wie it boadskip fan it noarden moandeitemiddei yn Grolloo oan de Twadde Keamerleden. De minister hat earder it fersyk foar erkenning fan it Nedersaksysk ôfwiisd, mar it noarden jout de striid foar in bettere beskerming fan de streektaal net op.

De oanwêzige keamerleden hawwe tasein dat se it ûnderwerp noch foar de simmer ynbringe sille yn de Twadde Keamer. Sy fine ek dat de minister te gau oardield hat oer it Nedersaksysk.

Yn in polityk debat wolle se de minister besykje oer te heljen har beslút werom te draaien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)