Striid foar behâld fan Biltske taal en identiteit

17 feb 2015 - 12:56

Frije Bilkerts en de Wurkgroep It Bilt komme yn aksje foar it behâld fan de Biltske taal en identiteit. Dy driigje te ferdwinen troch de gemeentlike weryndieling yn 2018. Frjentsjerteradiel, Menameradiel, It Bilt en in part fan Littenseradiel fusearje dan ta ien gemeente mei in nije Fryske of Nederlânske namme. Mar it wurdt gjin Biltske namme.

Ek liket it derop dat de plaknammen yn It Bilt en Frjentsjerteradiel allinnich yn it Nederlânsk op de buorden komme. Dy fan Menameradiel en Littenseradiel wurde Nederlânsk en Frysk.

Yn maart komme de Frije Bilkerts en Wurkgroep It Bilt dêrom mei in moasje yn de gemeenteried. Boargemaster Fred Veenstra fan Frjentsjerteradiel seit dat de gemeentenamme yn in rykstaal moat, mar dat de gemeenten it foech hawwe oer it kiezen fan de nammen op de buorden fan de doarpen. As it Bilt seit dat de nammen yn it Biltsk op de buorden moatte, dan bart dat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)