Streupers yn lytsere wetters

17 jan 2005 - 16:25

Snoekbearsstreupers binne de lêste moannen opfallend aktyf yn lytsere wetters, lykas de Frjentsjerterfeart. Dy yndruk hat de plysje. Troch it rûge waar fan de ôfrûne tiid doare se it grutte wetter net op.Streupers ha meastal lytse, kwetsbere boatsjes en ha sa lêst fan foaral de wyn.

It streuperijteam hat al safolle netten út it wetter helle en streupers oppakt,dat de doelstelling foar dit seizoen al helle is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)