Streupers betrape mei iel

10 okt 2013 - 16:35
  • Streupers yn Makkum pakt mei iel

Trije streupers binne woansdeitemiddei by Makkum betrape op it yllegaal fiskjen nei iel. De manlju hiene 3200 kilo fan de fisk fongen. Dy siet ferdield oer acht leefnetten.

It is tusken 1 septimber en 1 desimber ferbean om op iel te fiskjen. De manlju woene de fisk dêrom bewarje oant 1 desimber en dan oanbiede oan de hannel. Se binne fêstset foar ferhoar, de iel is weromset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)