Streppel posityf oer Joey van den Berg

15 apr 2016 - 14:05
  • Joey van den Berg

Joey van den Berg hat in posityf gefoel oerhâlden oan in earste petear mei Jurgen Streppel. "Ik heb wel het idee dat hij mij er bij wil houden", sa seit de oanfierder. Tongersdei hat Van den Berg in persoanlik petear hân mei de nije trainer fan SC Hearrenfean. De kluplieding hat Van den Berg in pear wiken lyn witte litten dat se de opsje yn syn kontrakt net lichte woenen. Van den Berg wachtet no ôf oft Hearrenfean opnij mei him yn ûnderhanneling giet.

Willem Huizing, Joris Voest en reservedoelman Maarten de Fockert hawwe in oanbieding fan SC Hearrenfean krigen om harren kontrakt te ferlingen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)