Strangere regels prostitúsje

24 sep 2013 - 23:06

Froulju ûnder de 21 jier meie aans net mear wurkje yn de prostitúsje yn Ljouwert. Fierder wurdt it ferbean om op it wurkplak sliepen te bliuwen. Dat hawwe B&W fan Ljouwert besletten. Fierder moatte de eigeners fan in bordeel no in goed bedriuwsplan hawwe en wurde alle froulju registrearre.

De maatregels stean yn de algemiene plysje feroardening en rinne foarút op in plan fan oanpak dêr't boargemaster Crone no oan wurket mei de gemeenteried.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)