Strengere regels foar trekkers

03 nov 2009 - 12:05
  • BE-rydbewiis foar trekkers

De regels foar it riden mei in trekker wurde folle strenger. Boeren dy't 45 kilometer de oere ride wolle mei de trekker, moatte tenei it BE-rydbewiis foar de auto hawwe. Dat is it rydbewiis foar it riden mei in karre. De measte trekkers kinne hjoed-de-dei in gong fan 45 kilometer wol helje, wylst 25 tastien is

Minister Eurlings fan ferkear komt mei de maatregel om it tal ûngelokken mei trekkers sakje te litten. In kenteken foar trekkers is foarearst fan de baan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)