Strekdaam foar haven Eastersee

03 jul 2007 - 09:59

De haven by Eastersee krijt in strekdaam. Mooglik wurdt de haven ek grutter makke om sa de daam te finansieren.

Skippen hawwe no te folle lêst fan de golfslach. De daam moat as golfbrekker tsjinje, sadat skippen sûnder skea oan de kade lizze kinne. De gemeente Lemsterlân betellet net mei oan de strekdaam. De kosten komme foar rekken foar it bedriuw Vastgoed de Friesche Wouden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)