Streekskiednis tagonkliker

04 maaie 2010 - 16:44

Ynformaasje oer de streekskiednis fan Achtkarspelen is meikoarten folle makliker te finen. Yn de biblioteken fan Bûtenpost en Surhústerfean komme histoaryske ynformaasjepunten foar ynwenners, toeristen en âld-ynwenners. Dêr binne dan boeken, artikels en digitale ynformaasje beskikber. Ek komt der in webside dêr't de digitale ynformaasje thús te besjen is.

It projekt kostet in ton, de helte dêrfan komt út it provinsjale potsje foar plattelânsprojekten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)