Streekplan set yn op wenjen

23 apr 2005 - 15:58

De provinsje wol minsken út de rest fan it lân nei Fryslân lûke. Dat sei deputearre Andriesen freed by de presintaasje fan it streekplan.

De provinsje wol net dat it ynwennertal achterút giet. Dêrom set it streekplan yn op wenjen yn Fryslân. Friezen sels moatte terjochte kinne yn eigen stêd of doarp. Om minsken fan bûten te lûken binne der plannen foar 'landgoedwonen'. Dat is bedoeld foar minsken dy't op in unyk plak wenje wolle, mei in soad grûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)