Streekmuseum Gordyk sit krap

18 jul 2006 - 16:10

It streekmuseum Opsterlân op 'e Gordyk hat it dreech om finansjeel de kop boppe wetter te hâlden. Der is nei besunigingen noch wol in slutende begrutting presintearre, mar dat betsjut wol dat no der hielendal gjin fleis mear op 'e bonken sit.

It tal besikers is bot werom rûn neidat de foarige museumbehearder oppakt waard foar stellerij en heling. It bestjoer wol no in tal saken ferbetterje om publyk te lûken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)