Streekmerk mei earlike produkten yn Blokhúspoarte Ljouwert

25 sep 2015 - 10:46

It online-projekt 'De Streekboer' hâldt fan nije wike ôf alle wiken op sneontemoarn in streekmerk by de Blokhúspoarte yn Ljouwert. Op dizze merk steane boeren en oare produsinten fan iten. Besikers kinne streekrjocht by harren de produkten keapje. De Streekboer bestiet al op guon oare plakken.

Doel is dat minsken better witte wêr't harren iten weikomt en ek yn kontakt komme mei de produsinten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)