Streekaginda's foar plattelân

28 mrt 2012 - 11:30

De provinsje wol mei fiif streekaginda's projekten op it plattelân effisjenter oanpakke. Der moat minder bestjoerlike omballings komme sadat de ideeën út de streek gauwer útfierd wurde kinne. Dat sparret ek minsken en jild út.

De ideeën moatte by de minsken sels weikomme. De provinsje nimt dan in rezjyrol. Oant no ta kaam der jild fan Plattelânsprojekten mar dy subsydzjestream hâldt skielk op. De streekaginda is de opfolger. Ein 2013 moatte de plannen foar de fiif streken yn kaart brocht wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)