Streek troch plan Tolhúspark

27 aug 2013 - 21:35
  • Plaknammeboerd Dokkum

De plannen fan ûndernimmer Jur Roemers om foar 13,5 miljoen euro in nij sportpark yn it Tolhúspark yn Dokkum oan te lizzen geane net troch. Hy freget in bydrage fan 5,8 miljoen fan de gemeente Dongeradiel en dy wol dat net op it kleed lizze. It oare part fan it jild soe dan út it Waadfûns komme moatte. Neffens it kolleezje fan b. en w. hat de ûndernimmer net in goed ûnderboud finansjeel plan yntsjinne en krije oare partijen no de kâns om op it projekt yn te skriuwen.

Ien fan de gefolgen fan dit beslút is dat de sporthal en it gymlokaal no pas yn 2015 opknapt wurde kinne. Roemers fynt it spitich. Hy hie tocht dat der noch fierder oerlis mei de gemeente folgje soe. De plannen passe neffens him binnen de fyzje dy't Dongeradiel yn 2008 fêststelde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)