Streek troch nijbou Rie

07 mrt 2008 - 07:57

Der wurde foarearst gjin nije wenningen boud yn Rie. De gemeenteried fan Frjentsjerteradiel hat tongersdeitejûn in moasje oannommen fan de FNP en dat betsjut dat it bouplan foar seis wenningen net trochgiet.

De wenningkorporaasje woe de huzen njonken de nije skoalle fan Rie bouwe. Neffens in mearderheid fan de ried soargje de huzen foar gefaarlike ferkearssituaasjes foar de skoalbern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)