Streek troch Europeeske dream

Marco van Basten
19 maaie, 2013 - 18:21 -  

SC Hearrenfean kin in streek sette troch de dream fan Europeesk fuotbal. Snein ferlear de ploech fan Marco van Basten mei 2-1 fan FC Utrecht. Yn de Galgenwaard begûn Utrecht sterk, wat nei 9 minuten resultearre yn in 1-0 foarsprong troch in kanonskûgel fan Jens Toornstra. Alfred Finnbogason krige de bêste kâns op de 1-1, mar hy fersomme te skoaren.

Nei rêst soarge Toornstra mei syn twadde treffer foar de beslissing. Protesten fan Hearrenfean foar hands fan Toornstra smieten neat op. Mark Uth tekene yn de slotfaze foar de Fryske earetreffer.

Spiler wurdt laden
Streek troch Europeeske dream SC Hearrenfean

Marco van Basten

Spiler wurdt laden

Alfred Finnbogason

Spiler wurdt laden

Joey van den Berg

Spiler wurdt laden

Mear nijs

top