Streamstjitwapen ynnommen

01 aug 2010 - 14:10

Twa 19-jierrige mannen út Boksum en Hilaard binne sneontenacht oanholden omdat se in streamstjitwapen by har hiene. Plysjes seagen de mannen yn in auto riden oan de Stasjonswei yn Drachten. Omdat it derop like dat de ynsitters fuortdûkten, waard de auto oanholden foar in kontrôle.

By it ûndersykjen fan de auto fûnen de plysjes it streamstjitwapen. It wapen is yn beslach naam en de mannen binne oerbrocht nei it plysjeburo. Dêr krigen sy in prosesferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)