Straub (PvdA): tink om privacy

21 nov 2004 - 14:50

It bestriden fan terrorisme moat der net ta liede dat elts privacy ynleverje moat. Dat sei Twadde Keamerlid Piet Straub (PvdA) freed op in diskusjejûn yn Ljouwert. Neffens de Drachtster hat de steat genôch oare middels om terrorisme oan te pakken. Der geane in soad stimmen op om de oerheid tagong te jaan ta privee-gegevens fan eltsenien.

De PvdA is dwaande mei in searje fan 13 diskusjejûnen nei oanlieding fan 'e moard op Theo van Gogh.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)