Straub leit plysjewurk del

19 nov 2002 - 00:00

Plysjesjef Straub fan Drachten leit al syn funksjes by de plysje del. Nei oerlis mei de korpslieding hat er dat beslút nommen. Straub fynt dat syn plak op de kandidatelist fan de PvdA foar de Twadde Keamer net kombinearre wurde kin mei syn plysjewurk.

Hy wol net dat er beskuldige wurde kin dat er ferskate belangen troch elkoar hellet. Straub stiet op nûmer 25 fan de list. Nei de ferkiezings yn jannewaris besjocht er wat er mei syn wurk docht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)