Strânwachten socht op It Amelân foar natuer

23 maaie 2015 - 13:38

Op It Amelân wurde strânwachten socht. Se moatte gjin minsken yn 'e gaten hâlde, mar de natuer. It is de bedoeling dat de frijwilligers sjogge, telle en opskriuwe wat oft der oan skelpen en seebisten oanspielt. Sûnt 1993 wurdt dat op in tal oare Nederlânske strannen al dien, doel is dat It Amelân as earste Fryske eilân folget.

Mei de gegevens kin it libben foar de kust yn 'e gaten hâlden wurde. Op It Amelân binne tsien oant tweintich minsken nedich, dy moatte ien kear yn de twa wiken by leech wetter it strân op.

Twa betûfte strânwachten binne dit wykein op It Amelân om kursus te jaan oer hoe te sykjen, tellen en op te skriuwen. Belangstellenden kinne har om 17.00 oere melde by it strânpaviljoen yn Buren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)