Strânwachten Skylge bliuwe

19 jan 2011 - 07:55

De strânwachten fan de KNRM, dy't ferline simmer by wize fan proef it strân fan Skylge bewaakten, sille dit jier mooglik ek op de oare Waadeilannen ynset wurde.

Earder waard de strânbewaking op Skylge troch de gemeente dien. De ôfrûne simmer naam de KNRM it foar it earst oer. Beide partijen binne tige tefreden oer dy proef. De KNRM sil dêrom ek dizze simmer it strân fan Skylge bewake. Oer ynset op de oare Waadeilannen wurdt op dit stuit praat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)