Strânwachten It Amelân sille wer los

10 jun 2015 - 19:51
  • Strânwacht

De KNRM soarget der dizze simmer op 'e nij foar dat der strânwachten op it strân fan It Amelân aktyf binne. Op fjouwer strânôfslaggen by Hollum, Ballum, Nes en Buren binne fan takom sneon ôf -oant en mei healwei septimber- alle dagen 'lifeguards' oanwêzich. Foarich jier hawwe de strânwachten 958 kear earste help bean, en waarden 15 rêdingsaksjes op see útfierd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)