Strânridersklup op Skylge

05 mrt 2003 - 00:00

Op Skylge is in strânridersklup oprjochte. De stifting wol tefoaren komme dat it riden mei auto's op it strân oan bannen lein wurdt. De leden wolle ek bûten de perioade tusken ien novimber en ien april op it strân ride. No mei dat allinne yn dy fiif moanne.

De gemeente Skylge wol noch net al te folle fêstlizze oer it autoriden op it strân, omdat guon gebieten op it eilân yn de takomst mooglik ûnder bepaalde natuerbeskermingswetten falle sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)