Strânregels minder strang

27 des 2012 - 16:29

De natoerregels sitte strânriders op Skylge tenei mooglik minder dwers. De Rie fan Steat hat in útspraak dien oer de regels. It bedriuw Westbank hoecht dochs gjin provinsjale fergunning foar ekskurzjes mei de bus op guon stikken Noardseestrân.

De provinsje woe dy fergunning net jaan oan it bedriuw, omdat der bûnte wylsters briede en de bus dat fersteure soe. Mar dy fergunning blykt neffens de Steatsrie hielendal net nedich te wêzen, omdat de fersteuring minimaal is.

De útspraak kin ek gefolgen hawwe foar oare riders op it Noardseestrân. It betsjut net dat elkenien no samar it strân opstowe kin, seit de Skylger advokaat Paul Logemann fan it bedriuw Westbank.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)