Strânpopfestival yn Eastmahorn

27 jul 2003 - 00:00

De tsiende edysje fan it Strânpopfestival waard dit wykein hâlden op it strân fan Eastmahorn. Sneon treden ûnder oare de Pierewaaiers op. It festival op 'e Skâns is eartiids opset om begjinnende bands in poadium te bieden.

Njonken bands wiene der ek in merke, in playbackshow en in springkessen. De tagong wie fergees omdat de organisaasje net wol dat it in kommersjeel evenemint wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)