Strânpaviljoen De Walvis op Skylge wol útwreidzje

27 sep 2015 - 12:14
  • It gemeentehûs fan Skylge

Strânpaviljoen De Walvis op Skylge moat tastimming krije om út te wreidzjen, mar allinnich as de nijbouplannen noch wat oanpast wurde. Dat skriuwe boargemaster en wethâlders fan Skylge oan de gemeenteried.

De eigeners fan De Walvis wolle oan trije kanten fan it besteande gebou útwreidzje om mear romte foar opslach te krijen. De eigeners freegje ek om it trochgeande fytspaad by it Griene Strân te ferpleatsen. Sa soe de feilichheid by it paviljoen ferbetterje.

Neffens de besteande regels kin de útwreiding fan De Walvis net trochgean. It paviljoen wurdt dan grutter as earder ôfpraat is. B&W wolle eins gjin útsûndering meitsje, omdat ek oare paviljoens dan mooglik mei sokke útwreidingsplannen komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)