Strânljip oer 20 jier útstoarn

07 jun 2011 - 19:10

As der net gau wat bart, is de strânljip oer 20 jier útstoarn. Dat docht bliken út sifers fan SOVON Fûgelûndersyk. It is al langer bekend dat it tal strânljippen weromrint, mar dat it sa rap giet is in grutte skok foar de Fûgelbeskerming.

De wyt-swarte fûgel mei reade snaffel kin te min fretten fine en jongen sneuvelje by lânwurk troch boeren De strânljippestân is slim fergrize, de fûgels wurde wol 40 jier âld, mar der wurde net genôch jongen grut.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)