Strangere regels Starteilân

14 jul 2011 - 16:04
  • It starteilân lûkt alle jierren in soad folk

De regels op it Starteilân yn de Snitsermar wurde tidens de Snitswike oanskerpe. De feesttinte giet jûns earder ticht en de havens meie allinnich brûkt wurde troch hurdsilers en harren famylje en begelieders.

It evenemint fynt dit jier plak yn de wike fan 6 oant 11 augustus en wurdt tradisjoneel ôfsletten mei de slotdei fan it SKS skûtsjesilen. De KWS (Koninklijke Watersportvereniging Sneek) wol de feestgongers no warre troch hurdere maatregels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)