Strangere regels foar dûkers

26 nov 2008 - 20:49

By brânwachtkorpsen yn Fryslân moat der ek noch wat dien wurde oan de feilichheid fan de dûkers. Minister Ter Horst wol dat der stranger sjoen wurdt oft de korpsen wol mei goed materiaal wurkje en goede papieren ha.

Oanlieding binne ferskate ûngelokken dêr't dûkers by om it libben kamen. Yn oanrin nei de strangere ynspeksje krige de dûkôfdieling yn Snits al in besite. Neffens kommandant Ab Kiel fan dat korps giet it faak mis by it oanlizzen fan saneamde driuwende linen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)