Strangere regels fersmoarge grûn

24 sep 2004 - 14:43

Ried en kolleezje fan de gemeente Tytsjerksteradiel ha tongersdeitejûn ôfpraat stranger om te gean mei de stoart fan licht fersmoarge grûn. Oanlieding dêrfoar wie it ôfgraven en wer mei fersmoarge grûn opfoljen fan in stik lân by Ryptsjerk troch it bedriuw fan Hindrik Bijlsma.

Dêroer ûntstie in soad argewaasje yn de gemeente. Om dat foar te kommen, binne FNP en GrienLinks mei in foarstel kaam foar strangere regels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)