Strangere regels fakânsjehúskes

31 jan 2006 - 23:44

Nije fakânsjehúskes op Flylân sille oan strangere regels foldwaan moatte. Sa kin grûneigner Staatsbosbeheer tenei ek bepale oft in fakansjehûs past of net. Der komme hieltyd faker fakânsjehúskes dy't te grut binne of kwa foarm en kleur net passe op it eilân.

De gemeente karde oanfragen op grûn fan it bestimmingsplan goed, mar Staatsbosbeheer fûn it faak net passen. Tenei sille se no beide oer nije plannen gear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)