Strangere regels Bakkefean tsjin fandalisme yn it doarp

08 jul 2015 - 21:42
  • (argyffoto)

Bakkefean wol gau grip krije op it fandalisme dat spilet yn it doarp. Engel Nijholt fan rekreaasjesintrum Dúndelle wurdt der stadichoan raar fan. Neffens Nijholt lizze der alle dagen peuken, bierfleskes en oar ôffal fan omhingjongeren.

De meiwurkers fan Dúndelle binne dêrom altyd in oere earder oanwêzich om saken skjin te meitsjen. Dat is neffens Nijholt noch net it slimste. Der wurdt ek yn muorren krast, stekken wurde sloopt en stuollen wurde yn it swimbad smiten.

Foarsitter Emy Hoogenboom fan Pleatslik Belang fynt ek dat der wat barre moat. Sy wol ûnder oare de tennisbaan ferpleatse, sadat der mear iepen romte komt foar it terrein. Dêrneist kin de gemeente Opsterlân beslute om in alkoholferbod yn it gebiet yn te stellen. Sa soe de plysje it fandalisme oanpakke kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)