Strangere kaartferkeap it Fean

26 jan 2004 - 00:00

SC Hearrenfean skerpet de regels oan, foar supporters dy't meiwolle nei útwedstriden fan de klub. Tenei kin dat allinnich noch mei busreizen fan de offisjele fanclub. Oanlieding binne de ûngeregeldheden dit wykein.

Oanhingers fan de klub fernielden in trein en fochten op it stasjon fan Swolle mei de plysje. Mear as santich supporters waarden troch de plysje yn Ljouwert út de trein helle. De measten hiene neat mei de rellen te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)