Stranger tsjin oerlêst stapper

14 des 2010 - 19:46

De gemeente Ljouwert pakt oerlêst en oertredings yn de hoareka, kofjeshops en de prostitúsje hurder oan. De maatregels binne fêstlein yn in nij handhavingsbelied.

By in oertreding krije bedriuwen earst in warskôging, mar by in twadde oertreding folget in boete of in tydlike sluting. By swiere oertredings kin de gemeente de fergunning ek hielendal ynlûke. By de kofjeshops binne sûnt ferline wike buertgasthearen oan it wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)