Stranger parkearbelied op Skylge

15 jan 2004 - 00:00

De regels foar it parkearen by de haven fan Skylge wurde stranger. It terrein is fan 1 maart ôf allinne noch bestimd foar auto's dy't lichter binne as 3500 kilo. Sa moat der mear romte ûntstean foar persoane-auto's. Dêrtroch moat it parkearen fan dy auto's yn de buert fan de haven foarkommen wurde.

De plysje sil ekstra tasjen op de nije maatregel. De gemeente wurket yntusken oan it opnij ynrjochten fan it havengebiet op Skylge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)